It beest fan de Westereen
ate grypstra
afûk, 2011

Yn It beest fan de Westereen wurde earst in pear hertsjes, dan in dûmnysfrou en dêrnei twa jonge fiskers dea fûn. Se binne allegearre op in aaklike wize oan har libben kommen. De plysje sit mei de hannen yn it hier, mar de jonge Steven Kingma hat yn 'e gaten wat der te rêden is. Nei't er in hânboek oer lykantropy lêzen hat, is er der wis fan dat der in wearwolf yn it doarp aktyf is. Hy docht der alles oan om foar te kommen dat by in folgjende ljochtmoanne wer minsken dea reitsje.

It ferhaal spilet yn de simmer fan 1984. Steven Kingma is dan 16 jier. Pas acht jier letter skriuwt er it ferhaal op, en tagelyk mei de striid tsjin de wearwolf jout Kingma in moai byld fan it libben fan jongeren yn De Westereen en omkriten, dat him ôfspilet tusken kroech en tsjerke.


Oaren oer dizze titel

Doeke Sijens, LC 21-10-2011
André Looijenga, Ensafh 25-05-2012
Jaap Krol, FD 14-01-2012
Elske Schotanus, 01-12-2012 eigen webside
Hedwig Terpstra, 01-03-2012 (fraachpetear op Ensafh.)