Werom nei Stienwert
anders m. rozendal
kffb, 2011
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Durk van der Meulen, in suksesfol bankman út Drachten, kin it min sette dat syn frou him foar in oar ynwiksele hat. In skieding nei in houlik fan mear as tweintich jier docht ferhipte sear. En as dy oar ek noch de selsfoldiene Goffe Piersma is... Durk siket wegen om dy twa te treffen.
Mar yn dizze roman bart folle mear. Earst al dy begraffenis fan Jannes Terpstra, eartiids de kammeraat fan Durk. Jannes is raar oan syn ein kommen. Durk giet noch in kear werom nei Stienwert om nei it hoe en het te fernimmen. As er mient genôch te witten, keart er syn berteplak de rêch ta. Foargoed, tinkt er. Dan siket Marja Brouwer, in earder buorfamke, kontakt mei him. En wer moat Durk werom nei Stienwert.
Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 05-05-2012
Omrop Fryslân. K-rûte de lêsklup 30-11-2011 op 17 minút 50 sekonde