Djipdún
jan schokker
elikser, 2011

Anna Buttenveldt van Him út Beetstersweach wurdt fermist. Har man Germ kloppet oan by resjersjeur Ale Alema, mar as se de twadde kear ôfprate fynt de Bontebokster Germ yn it koetshús, delslein. De fynst fan it boek 'Dramatysk Djipdún', skreaun troch Anna, is it begjin fan in speurtocht dy't djip giet. Fan de kelder ûnder it koetshús nei it topke fan it dún mei it fakânsjehûs op Skiermûntseach. It dollen yn it mystearje út it ferline is dreech en de wierheid is net samar boppe it waad, Skiermûntseach en Beetstersweach te krijen en sa gefaarlik as yn Djipdún hat hy it noch net earder meimakke.

Djipdún is de tredde yn de rige Ale Alemamystearjes. Earder ferskynden De Koalmasaak en De SUC-saak en de bonken fan Brongergea.

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 04-08-2012
Meindert Reitsma, Ensafh 15-02-2013