De treastfûgel
hylke speerstra
bornmeer en tresoar / it fryske boek, 2011

Yn dizze novelle folget de skriuwer it spoar fan twa earme famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op ’e boat nei Amearika en kin yn it droege en stienearme Súd-Dakota earst amper oerlibje. Uteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. De oare húshâldig siket syn heil yn Dútslân, net allinne as arbeider yn it boerebedriuw, mar ek polityk. Foar dizze famylje wurdt it in swalkjend bestean tusken Fryslân en it Dútse grinsgebiet. Neikommelingen út de tredde generaasje fan de famyljes belânje yn 1945 oan it oarlochsfront, de iene as ferliezer, de oare as oerwinner. Beide tôgje se de ferskrikkingen fan it oarlochsgeweld oan de ein ta mei. Yn 2013 ferskynde in nije, wiidweidiger ferzy fan it boek.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 16-09-2011
Sietse de Vries  LC 16-09-2011 (fraachpetear mei Hylke Speerstra)
Jaap Krol, FD 15-10-2011
Henry Baron, World Literature Today, Jan-Feb 2012, The Free Library
Brosjuere 10 books from Friesland
Sietse de Vries, LC 28-09-2016 (oer Ingelsktalige útjefte)

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

RÊdbâd - kronyk fan in kening
willem schoorstra
friese pers boekerij, 2011

Rêdbâd wie in legindaryske Fryske kening oan de ein fan de sande en it begjin fan de achtste ieu nei Kristus. Hy libbe fan 648 oant 719. De namme fan de hearsker is oant hjoed de dei ta bekend bleaun yn alle Fryslannen. Oer syn libben en dieden is net safolle bekend, alteast wat de feiten yn skreaune boarnen oanbelanget. Rêdbâd, de soan fan Aldgillis, wie de lêste grutte heidenske kening. Oant syn dea ta hat er fûleinich striid levere tsjin it kristendom.

Omt der net safolle bekend wie oer it hâlden en dragen fan kening Rêdbâd hat Willem Schoorstra syn libben spegele oan dat fan in tiidgenoat, de Frankyske hearsker Pepyn fan Herstal. De Fryske kening sleat om 700 hinne frede mei de Frankyske hofmeier. Syn dochter Theudesinda troude sels mei de soan Grimoald fan Pepyn. Mei it kombinearjen fan feit en fiksje skreau Schoorstra de kronyk fan in kening yn de foarm fan in histoaryske roman.

Shortlist Rink van der Veldepriis 2012

Boek fan de Moanne oktober 2013

Oaren oer dizze titel
Hedwig Terpstra, Ensafh 15-04-2011 (fraachpetear)
Sietse de Vries, LC 29-04-2011 (fraachpetear)
Jetske Bilker, LC 20-05-2011
Geart Tigchelaar, Ensafh 10-6-2011
Jaap Krol, De Moanne, 01-07-2011
Geart Tigchelaar, Ensafh 2011, nr. 4, s. 35-40
Brosjuere 10 books from Friesland 2016

 

De skriuwer oer it boek

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.