spoaren!
Anny de jong
Afuk, 2012

‘Jimme hawwe by it fleantúch west.’ Hidde ropt fuort fan: ‘No.’ De militêr stekt syn hân op. ‘Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jimme fingertaasten fûn.’ De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. ‘En do hast de doaskes út it tastel helle.’ Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas ta stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: ‘Ik ha se wier net.’ ‘Wat hast der mei dien? ‘Neat,’ ropt er. ‘Ik ha se fergetten en doe…’.

Boek yn de rige De Traveliers, in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ‘e hoeke leit. Ek ferskynd as audioboek (foarlêzen troch de skriuwer).

Oaren oer dizze titel
Tjitske van Dijk, TanteTjits 28-08-2014