it libben fan in oar
jetske bilker
bornmeer, 2012

It thúsbringen fan in heimsinnige liftster soarget foar in grutte feroaring yn it libben fan promovendus Johan Visser út Ljouwert. Hy stoppet mei syn proefskrift oer de njoggentjinde-ieuske Fryske dichter Boate Annes de Vries en begjint oan in biografy, dy’t in bestseller wurde moat, oer in noch springlibbene operasjongeres. Net elkenien is lokkich mei syn kar: syn partner Martsje, learares Dúts oan in middelbere skoalle, sjocht har dreamde takomst mei rykdom en wolfeart yn reek opgean. En de operasjongeres wol net goed meiwurkje omdat se har priveelibben net oan Johan kwyt wol. In roman oer wat leugens binne en wat ‘werkelikheid’ wêze mei, dy’t útrint op de fraach yn hoefierre men in oar minsk kenne kin.

Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 14-09-2012
Jaap Krol, FD 10-11-2012
Yvonne Dijkstra, De Moanne 20-03-2013
Josse de Haan, 'Gjalpen fan it hert' yn: Reedride op glêd iis s. 288-302 (2016)

Omrop Fryslân, K-rûte lêsklup 28-11-2012

 

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.