wat it is om bang te wêzen
sipke de schiffart
friese pers boekerij, 2012
Mei tsien bondele ferhalen debutearret Sipke de Schiffart yn boekfoarm. De ferhalen geane stik foar stik oer manlju dêr’t wat mei is. De haadfiguer slacht de hân oan himsels, wurdt mishannele of mishannelet in oar. Se ha allegear in goed ûnthâld en misse it fermogen om misstappen te ferjaan. Alle haadfigueren komme yn oanrekking mei ûnberikbere moaie froulju. De manlju út de ferhalen witte net goed hoe’t se op in noflike wize it libben treast wêze kinne.
Nominaasjes
Shortlist Rink van der Veldepriis 2014
Longlist Gysbert Japicxpriis 2015
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei de auteur, LC 21-12-2012
Doeke Sijens, LC 08-02-2013
Jaap Krol, FD 09-03-2013
Sjoerd Bottema, De Moanne 2013, nr.1, s. 42-43
Ernst Bruinsma, Hooy & gras 20-04-2013
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh 13-03-2013
Doeke Sijens, LC 23-05-2014
Hedwig Terpstra, fraachpetear yn Breeduit, 13-02-2014
Omrop Fryslân, K-rûte de lêsklup 20-03-2013
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.