de keet fan annawâld
freddy scheltema
elikser, 2012

Opgroeie yn in plak as Annawâld is saai. Dea saai. Der is gjin snackbar, gjin kafee en gjin jeugdsoas. It ienige fertier foar adolesinten fynt plak op de lêste sneon fan ’e moanne. Dan is der in diskoteek of spilet der in bandsje yn it doarpshûs. As Halbe op it idee komt om de ôfdankte karavan fan syn âlden as keet yn te rjochtsjen fynt er dan ek in protte byfal by syn leeftydsgenoaten. Se rjochtsje it mei-inoar yn en ha tenei in plak dêr’t se sitte kinne, wat muzyk draaie, bierke derby, swetse en laitsje. It wurdt it sintrum fan har frij libben dêr't allegear saken dy't jongerein fan tsjintwurdich dwaande hâlde foarbykomme.
De freonegroep kin lykwols net foarkomme dat ien út har groep it uterste middel oangrypt om fan syn nachtmerjes ferlost te wurden. It boek begjint en einiget dermei hoe’t de groepsleden dêr mei omgeane. Se sjogge werom op de tiid dat se yn ‘De keet’ tahâlden.
De keet fan Annawâld is in jongereinboek dat it sosjale libben yn in sûpkeet foar de lêzer yn fiksje delset. Hiel wat saken fan it libben fan hjoeddeiske sechtsjinjierrigen komme foarby, lykas de ferskillen yn seksueel gedrach, it snuven fan coke, joyride, en konflikten mei de âlders.

Shortlist Rink van der Veldepriis 2014

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 17-11-2012
Hedwig Terpstra, fraachpetear yn Breedút, 06-02-2014