It dak fan de wrâld
ferdinand de jong
friese pers boekerij, 2012

Haadpersoan Redmar Ozinga krijt as jonge fan achttjin jier tsien proeflessen berchbeklimme kado. It is it begjin fan in kursus berchbeklimmen fan Marcel de Ruiter. De auteur is in tige ynspirearjende en spannende keardel. Dat fynt ek Hiske, de nije leafde fan Redmar. Soks soarget fansels al gau foar grutte argewaasje.
Nei Redmar syn earste klimaventoeren op de Ben Nevis, yn de Skotse Heechlannen, wolle Marcel, Hiske en Redmar de Mount Everest betwinge, de machtige berch yn Nepal ek wol it dak fan de wrâld neamd. Underwilens is dúdlik wurden dat Marcel wol in hiel nuver houtsje is, in man dy’t fan alles by de ein hat, ek minder frisse saken.

Shortlist Rink van der Veldepriis 2012

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker (yn it artikel stiet by fersin Sietse de Vries as auteur), LC 03-06-2011
André Looijenga, Ensafh 24-06-2011
Aant Hofstra, datfynik 23-09-2012
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite