wibren altena, in swalker yn 'e geast
bennie huisman
afûk, 2012

De Makkumer dichter en foardrachtskeunstner Wibren Altena (1917-1987) publisearre al foar de oarloch syn earste gefoelige en filosofyske fersen. Tsien jier letter luts er yn Fryslân folle sealen mei syn mear as aparte satiryske en humoristyske foardrachten, dêr’t de ‘Ballade fan Longerhou’ hast wol de bekendste fan is, mei omdat Doede Veeman it song op syn elpee Frustraesjebloes út 1978.

Yn 1956 ferhuze Altena nei Rotterdam en hy die de doar nei syn eardere bestean achter him ticht.

Yn 1990 waard syn dichtwurk bondele yn De laitsjende wierheid, in boek dat foar Fryske begripen in ûnbidich sukses waard. Bennie Huisman brocht it wurk fan Altena yn 1992 ta libben yn de muzykteaterfoarstelling ‘De wite walfisk’; lieten dêrút ferskynden yn 2009 op de cd De walfiskfarder (mei Frederike Kleefstra en Tsead Nauta).

Yn dit boek siket Bennie Huisman nei de man achter it aparte wurk út De laitsjende wierheid en folget er him troch de tiid, net inkeld yn Fryslân mar ek yn de jierren dêrnei om utens. De eardere projekten hiene him al yn kontakt brocht mei it wurk, mar no reizget er de man achternei ‘omdat eat yn dat wurk en dat libben fol dreamen, tasizzingen en ferlies my rekke hat en ik dat “trochfertelle” wol’.

By it boek wurdt in cd meilevere mei histoarysk materiaal: sân lietsjes songen op de wizen sa’t dy yn de tiid fan it ûntstean brûkt waarden en sân foardrachten fan Altena sels, út it argyf fan Tresoar.

Lietsjes
Tusken dyk en peallen² – Maitiidsmoarn – Beppe Styntsje² – Libbenssee – Liet fan de hangploech –Widzesankje – De peallesang – Buerfrou’s kipen²

Foardrachten
²
De hazze – Wetterfaam – Kommmiis – Grutte Pier – De boer – Maartmoanne – Frysk eksamen

1) op it titelblêd fan it boek stiet as subtitel ‘swalker yn ’e geast’ sûnder lidwurd ‘in’.
2) steane yn De laitsjende wierheid, de oare binne yn Huisman syn boek opnommen.

Oaren oer dizze titel; mear oer Altena, syn wurk en trochklinken
Doeke Sijens, LC 05-10-2012
Pieter de Groot oer ‘aartsmelangoalikus’ Altena, LC 28-09-2012
Arjan Hut oer de cd ‘De walfiksfarder’, FD 27-05-2009
Pieter de Groot oer De laitsjende wierheid, LC 12-10-1990
Sietse de Vries, fraachpetear mei Bennie Huisman, LC 24-01-1992
Sietse de Vries oer ‘De wite walfisk’, LC 01-02-1992
Biografyske skets Altena op Sirkwy