lykspul
jan schokker
elikser, 2012

Plysje-ynspekteur Ale Alema sjocht mei nocht nei in fuotbalwedstryd fan SC Hearrenfean tsjin Ajax, mar dan wurdt er der ynienen by weihelle. Der is in lyk fûn yn de klaaikeamer en dat is nuver tramtearre. It is de kondysjetrener fan de klub, in man dy’t net oeral like noflik lei. Der leit in link mei in Sweedske spiler en ek mei in soartgelikense moard yn Sweden.
De Bontebokker speurder krijt diskear immen fan justysje, Nanke Niesting, in âlde bekende fan Ale, tawiisd, om dit mystearje mei op te lossen. It jout it wurk suver wat romantyk, mar bringt ek betizing mei. En dan komt dochter Jelly ek noch mei hiel ûnferwachte nijs thús.
Lykspul is de fjirde yn de rige Ale Alemamystearjes. Earder ferskynden De Koalmasaak, De SUC-saak en de bonken fan Brongergea en Djipdún.

Oaren oer dizze titel
Presintaasje by Binnert Overdiep, Heerenveense Courant 05-12-2012
Doeke Sijens, LC 25-01-2013
Meindert Reitsma op Ensah 15-02-2013
Jaap Krol, FD 23-02-2013