Flammen
hilda talsma
elikser, 2012
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Flammen spilet krekt as De twadde hûd yn Frisum, en deselde personaazjes hawwe in rol. Elske is yn Flammen drok dwaande mei de tariedings foar har houlik mei Ronny. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Fêstberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar Ronny fertrout derop dat it in ûnferjitlike dei wurdt. En dat wurdt it, yn mear as ien opsicht.
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei de auteur, LC 09-11-2012
Jaap Krol, FD 15-12-2012