bak
sietse de vries
friese pers boekerij, 2012

Fyftich jier âld, al tweintich jier stedsferslachjouwer fan in regionale krante, noch altyd gjin fêste relaasje. Echt opsjitte wol it net mei it libben fan Sjerp Bak.
As in rûzje mei VVD-gemeenteriedslid Remco Beets folslein út ’e hân rint en Bak him deaslacht, soe er syn âld, saai en iensum libben mar wat graach wer oppakke. Dat slagget mar heal. Hy kriget wat mei CDA-wethâlder Geke Jelsma en moat op syn iepenst wêze om út hannen fan ’e plysje te bliuwen. Dan freget syn sjef him om it libben fan Remco Beets yn kaart te bringen foar in moai ferhaal yn de sneonsbylage. Bak ûntdekt dat der folle mear achter de dea fan Remco Beets stekt.
Bak wie it Kadoboek by de 'Moanne fan it Fryske Boek 2012'. Der ferskynde ek in e-book ferzje, in audioboek en in spesjale audioútjefte foar de blinebibleteek.

Oaren oer dizze titel
Elske Schotanus, LC 07-09-2012 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 07-09-2012
Geart Tigchelaar, Ensafh 28-09-2012
Jaap Krol, FD 13-10-2012
Henry Baron, World Literature Today, May 2013 en pdf langere ferzje

Ferfilming

Op 8 april 2014 waard bekendmakke dat Bak ferfilme wurde sil mei yn de haadrollen Joop Wittermans (as Sjerp Bak) en Joke Tjalsma (as wethâlder Geke Jensma). Produsint wie Auke de Witte, dy't yn 2012 in priis wûn yn de Moanne fan it Fryske boek mei in koarte film oer 'spannende Fryske literatuer': LC 09-04-2014

Willewurk: Oprop
Bylden fan de produksje op Willewurk.
YouTube: Bak de film, diel 1, diel 2 en diel 3
Facebook, Bak de film

bak affiche film 2014 400x275