Rekkenskip
harmen wind
afûk, 2012

Daniël Mûnema, sechstich, earder direkteur fan in suvelfabryk en no krekt mei betider pensjoen, is allinnich thús. Op it doarp stiet er bekend as in man sûnder wryt of slyt. Syn frou is trije jier tebek weirekke, de bern binne de hûs út. Hy pielt wat om en tinkt nei. ‘Myn frou, Annemarij, hold fan my, mar hat se my oait kend? En myn bern?’ Net dat er in rol spile – hy spile yn op elke situaasje dy't him foardie. Is hy wol wa’t oare lju tinke dat er is? Of sterker noch: is hy wol wa’t hysels tinkt dat er is?
Harmen Wind skreau Rekkenskip yn syn lêste libbensjier; hy wist dat er net folle tiid fan libjen mear hie. It personaazje Daniël, Wind syn alterego, prakkesearret der daliks yn it begjin fan it boek al oer dat er syn oantinkens, syn memoires, skriuwe moat. In freon hat him dêr ta oantrune. Pas op healwei begjint er dêrmei. Hy komt niet fierder as flarden jeugdoantinkens, dy't kursyf printe yn de romantekst opnommen binne. Fierder hat Daniël niget oan it skriuwen fan fabels. Dêr steane ek in tsien fan yn it boek. Tsjin syn soan Aart seit er: 'Dit [boek] is myn ferhaal oer de werklikheid. Yn dat ferhaal libje ik, kom ik foar it ljocht. Dat is dus eins wat ik mei dat boek wol: foar it ljocht komme.' Rekkenskip is sa besjoen net in sljochtwei roman, it binne Harmen Wind syn memoires, ferpakt yn romanfoarm. De namme 'Mûnema' krijt sa ek betsjutting: Daniël fertolket Harmen Wind syn lûd.
Yn it foaropwurd stelt de útjouwer dat de útjefte bedoeld is as in earbetoan oan in wichtige skriuwer út de Fryske en Nederlânske literatuer én oan in man mei wa't er mei freugde en yn freonskip jierrenlang gearwurke hat. De skriuwer koe it manuskript wol foltôgje, mar net mear behoffenje yn dialooch mei syn redakteur.
Wat dy fabels oangiet, earder ferskynde fan Harmen Wind de fabelbondel Lek en brek

Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 26-10-2012
Jaap Krol, FD 25-05-2013
Henry Baron, World Literature Today nov 2013