Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
Hanneke de Jong
Friese pers Boekerij, 2013

Marike, de haadpersoan, hat de hannen fol oan skoalle (vmbo), har broerke hat ferkearing mei Remco, har freondinne Nadia en de fjirtichste jierdei fan har mem. Oan it begjin fan it boek hat se noch 13 dagen om stikem in spetterjend feest te organisearjen foar har mem sûnder dat dy der wat fan fernimt. Marike hat grutte plannen want taarten bakke en feestjes bouwe kin se as de bêste! Lokkigernôch hat se help fan Nadia, har bêste freondinne, en in dosint.

Foar dit boek krige Hanneke de Jong yn 2016 de Simke Kloostermanpriis takend.

Oaren oer dizze titel
Gerbrich van der Meer, fraachpetear by takenning Simke Kloostermanpriis 2016, FD 18-05-2016
Sietse de Vries, idem, LC 20-05-2016
Koos Tiemersma, eigen webside 24-01-2014