Op myn stjerbêd wol ik tate ha
Anne Feddema
Bornmeer, 2013

Op myn stjerbêd wol ik tate ha is de fjirde bondel fan Anne Feddema út 2013. Ek al slane de fertroude stylmiddels lykas it ynsetten fan absurdisme en wurdspultsjes noch altyd foar master op, likegoed is dizze bondel, dy't bestiet út fjouwer skiften, earnstiger fan toan. It earste gedicht lit de dichter sjen op syn stjerbêd, yn it lêste docht Feddema ferslach fan in besite oan in konsintraasjekamp:

Letter yn Birkenau folgje myn eagen
Treinspoar nei de hoarizon
It is min tsien…glûpendkâlde eastewyn
Mar it is wis gjin kjeld dy’t ik fiel
Salang’t ik net stjerre sil
Libbene frissel giselet myn siel.

Oaren oer dizze titel
Eppie Dam, LC 16-08-2013
Abe de Vries, De Moanne 09-08-2013