As gong dêr in oar
Leo Popma
Frysk en Frij, 2013

Johan, arsjitekt, en Mare, tolk en allinnesteande mem, binne yn it neiseizoen in wike yn in simmerhûs yn Frankryk. Sa ha elkoar in pear moanne lyn tafallich troffen, mar se koene elkoar al fan folle earder. It hûs is itselde hûs dêr’t Mare santjin jier lyn wurke hat as au pair. Yn de fakânsjewike komt har soan Nyk ek del, foar Johan nochal ûnferwachts. Hy en Nyk kinne it tsjin de ferwachting yn wol goed mei elkoar fine. Lykwols, der is yn it ferline fan alles bard dat him no noch jilde lit..
Flashbacks soargje derfoar dat de lêzer mear te witten komt oer de dramatyske skiednis en de leagens yn it libben fan Mare en fan Johan. As gong dêr in oar giet oer it ûnfermogen fan minsken om echt kontakt te meitsjen. Tagelyk lit it sjen hoe djip oft de eigen taal en kultuer fan minsken bewoartele sitte - by Friezen, Molukkers, sprekkers fan in regionale taal yn Frankryk - en hoe't de iene dêroan beethâldt en de oare it allegear wat soepeler opnimt. De styl fan dit boek is kompakt en de dosearring fan de ynformaasje freget in mear as sljochtwei lêsynspanning.

Shortlist Rink van der Veldepriis 2014

Oaren oer dizze titel
Meindert Reitsma op de Moanne 24-04-2013
Doeke Sijens, LC 17-05-2013
Henry Baron, World Literature Today, jan 2014
Hedwig Terpstra, fraachpetear yn Breeduit 30-01-2014
Geart Tigchelaar op Ensafh 04-03-2015

Sydlingse ynformaasje
'Het verhaal van treinkaper Max Papilaja', de Volkskrant 03-11-2016

 

Omrop Fryslân, K-rûte lêsklup 15-05-2013

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.