kompleten
marga claus
afûk, 2013

Kompleten is in soarte fan trijelûk. It haadpaniel giet oer in skriuwster dy’t acht dagen yn in nonnekleaster yn Seelân tahâldt om rêst te sykjen, de stilte, de ienheid fan it bestean, in momint fan ivichheid. Oars, de moadetermen 'spiritualiteit' en 'spiritueel' komme amper foar. It ferhaal jout in persoanlike ûnderfining en oertinking en tagelyk in byld-fan-binnenút fan it deiritme en de rituelen yn in kleaster. De 'kompleten' is yn it kleaster de lêste religieuze fiering fan de dei. Dit part fan it boek spilet yn augustus 2010.

De twa sydpanelen fungearje as kontrastferhalen: Oan de iene kant de brieven dy’t de Boalserter pater Rogatus Hoogma tusken 1955-1967 út Brazilë nei hûs skreau. Hy fertelt fan de wûnderlike mariaferskiningen, de mirakels en de genêzingen dy’t yn syn melaatsekoloany plakfine. Ut de ynformaasje om it boek hinne mei men oannimme dat de brieven autentyk binne en net optocht troch de auteur.
Oan de oare kant in fragmintarysk, sober en kompakt fertelde ferhaalline oer de sykte en it ferstjerren fan Jens, man fan de skriuwster. De wûnderlike genêzingen út Brazilië meie Jens net barre. De trije ferhaallinen binne assosjatyf mei elkoar ferfrissele. It hiele boek is sterk autobiografysk mei in bewyske fiksje. Lêzers fan earder wurk fan de skriuwster koene de namme Jens al út de roman Lytse do. It boek is opdroegen oan Hans Claus, ferstoarn op 7 april 2011; it motto is ûntliend oan Karen Blixen: 'Alle lijen is te fernearen as it yn in ferhaal past'.

Kompleten wie Boek fan de Moanne yn jannewaris 2014.

Oaren oer dizze titel
Boekpresintaasje, Bolswards Nieuwsblad 11-09-2013
Sietse de Vries, LC 27-09-2013 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 18-10-2013
Gerbrich van der Meer, FD 25-10-2013 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 21-12-2013
Nienke Jet de Vries, De Moanne 05-03-2014
Martsje de Jong, Ensafh. 30-07-2014

De skriuwster oer it boek

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

 

Claus Media, ferslach boekpresintaasje

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.