leffert
harke bremer en jarich hoekstra
bornmeer, 2013
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Leffert is it ferhaal fan de Fryske held Leffert, dy't libbet yn de tiid fan kening Redbad om 700 hinne. Leffert heart fan syn omke Thiadrik dat er ienris kening fan Fryslân wurde sil en in jongfaam ta keninginne winne. Dêrta giet er de wrâld yn mei syn hynder Eang, it hûntsje Bang en it haukje Eang.
De auteurs hawwe it avontoereferhaal getten yn de foarm fan in epysk gedicht. It perspektyf is in alwittende ferteller yn 2013, wat de mooglikheid jout om de wrâld fan no te keppeljen oan dy fan Leffert en bytiden bûten it fertelramt te stappen.
Yn tolve sangen fan elk sa’n trijehûndert rigels sette de beide fertellers it libben fan de held foar de lêzer del, te begjinnen by syn berte. Se skromje net om sydpaden te bewanneljen en mei lange homearyske fergelikings te kommen. Ek ferwizingen nei oare literêre teksten lykas de Grykske mytology, bibel, Homearus, arturferhalen en mearkes komme rûnom foar.
It bysûndere fan dit boek is it taalgebrûk. De auteurs lûke alle idiomatyske registers fan it Frysk iepen en dogge dat op in ferbjusterjend soepele wize, yn it meast basale rymskema dat der is: aa bb cc – yn konsekwinte wikseling fan manlik en froulik rym.
As illustraasje in oanhaal út de fjirde sang, dêr’t de held fan syn omke Thiadrik in swurd krijt:
'Krij it op jong! Draach it mei eare!
Wa soe sa’n prachtswurd net begeare?'
Mar Leffert bleau der leaver ôf:
It wapen wie him skerpernôch.
Men koe jin der hiel raar oan snije
En wêr koe er hjir in pleister krije!
In moai foarbyld fan auteurskommintaar (út de fyfde sang):
Leffert lei omke op in berje
mei Blea derfoar. Wie Blea in merje,
dan wie dit rym in moaie fynst,
mar spitich, Blea, dat wie in hynst.
Net allinne de taalfoarm, mar ek typografy en uterlike fersoarging fan it boek binne moai betocht. De titel op it omslach yn in lettertype dat sa út in Aldfrysk hânskrift komme koe, de rigels fan de sangen netsjes nûmere, en it gehiel fette yn in moai stevich omslach.
Frijerij fan Wouter en Tsjamke út klassiker De silveren rinkelbel
As beslút in priuwke fan twa siden, troch de útjouwer reewillich ôfstien foar Sirkwy. It is it begjin fan de achtste sang, dêr't de auteurs de leafde besjonge, yn it bysûnder de ûntdekking derfan by de jongerein, taljochte mei in ferwizing nei de klassiker 'De Rinkelbel': De leafde is in skoander ding / spesjaal foar de oankommeling.
Oaren oer dizze titel
Eppie Dam, LC 06-12-2013
Sjoerd Bottema, op de Moanne 25-12-2014