foarstelling
caja cazemier, oersetting ans wallinga
tresoar, 2013

As Roos (15) te hearren krijt dat har âlders üt elkoar gean, stoart har libben as in kaartehûs yn. Ynienen komme der allegear fragen en ûnwissichheden op har ôf. Wêr en by wa moat se wenje? En wat moat se oan mei de lilkens fan heit en it fertriet fan mem?
Joppe (16) wennet by syn heit. Of wennet er by syn beppe? Hat er no wol of net in styfmem? Alle kearen fertelt er wer wat oars, dus eins fertelt er neat oer himsels. Wat foar geheim draacht er by him?
Roos en Joppe treffe mekoar op de jeugdteaterskoalle ûnder de repetysjes fan ‘De foarstelling fan dyn libben’. It stik en de wurklikheid reitsje inoar. De foarstelling sil har libben foar altyd feroarje.

Caja Cazemier is hikke yn Hollân en tein yn Grins, mar se wennet al hiel wat jierren yn Fryslân. Se is lanlik bekend as skriuwster fan jeugdboeken. Har publikaasjelist stean mear as fyftich titels op, skreaun yn sa’n tweintich jier. Ien kear spile in roman fan har yn Fryslân, Bijna veertien (2000), oer Timo dy’t út Rotterdam nei Fryslân ferhuzet en och sa wenne moat.
Se skreau Foarstelling yn opdracht fan Tresoar by de fjirde Moanne fan it Fryske Boek (septimber 2013). Hoewol’t Caja har mei Frysk praten goed rêde kin, fûn se it better dat ien oars har tekst oersette soe. Dat is dien troch Ans Wallinga, dosint Frysk op it Singelland yn Drachten. De Nederlânske ferzje ferskynt letter, de titel is Echt spel.

Website skriuwster

Nei oanlieding fan dizze titel
Marrit de Schiffart, fraachpetear mei de skriuwster, De Moanne 13-09-2013
Abe de Vries, FD 13-09-2013
Jan Benus, Drachtster Courant 17-09-2013
Uitgeverij Ploegsma, presintaasje Foarstelling
Sigrid Kingma, op Ensafh 11-10-2013
Hanneke de Jong, BoekenBijlage.nl 15-10-2013
Froon Akker,  eigen website 22-11-2013