Spoaren yn 'e tiid
bonne looijenga
eigen behear, 2013

Spoaren yn ’e tiid bestiet út santich autobiografyske teksten. Guon dêrfan binne bewurke om, sa’t de auteur yn de flaptekst oanjout, ‘der mear in ferhaal fan te meitsjen’. Foar it meastepart geane de ferhalen oer syn bernejierren, lykas it âldershûs en syn earste skoaldei yn Skearnegoutum. Ek de lettere jierren komme oan bod. Dan giet it oer ferkearing en tochten op de brommer. Tsjinslaggen as de eachsykte dêr’t er mei te krijen hie en de revalidaasje dy’t folge krije rom omtinken. It boek einiget mei ‘Observaasjes’, in ferslach dat skreaun is út it perspektyf fan in pear fazen wei, dy’t de skriuwer oerkrigen hat fan syn âlden.

Oaren oer dizze titel