de brimstige ingel
klaas rusticus
hispel, 2013

De brimstige ingel is Rusticus syn Frysk debút. De ferhalebondel giet oer de jeugd fan de skriuwer yn Snits en oer wat er meimakke hat as filmregisseur oan frjemde kimen, benammen yn eardere eastbloklannen mar ek op oare tochten. Rusticus skriuwt feitlik en tagelyk ek byldzjend en poëtysk oer sitewaasjes en stimmingen, dy’t út harsels de lêzer gauris wat fernuverje sille. De ferhalen binne skreaun yn koarte rigels tekst om de lêzer makliker ta de wrâld fan de skriuwer trochkringe te litten, al liket dy wrâld bytiden ek ryklik fantastysk.
Earder skreau Rusticus yn 'e mande mei Simen de Jong de Nederlânske roman Twee.

Boek fan de Moanne maart 2014

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Meindert Reitsma, Ensafh nr. 1, 2014, s. 45-50
Doeke Sijens, LC 28-03-2014 [rektifikaasje foto LC 31-03-2014]
Nienke Jet de Vries, website De Moanne 08-04-2014
Doeke Sijens, LC 23-05-2014