Oer Twa Brêgen
bonne speerstra
eigen behear, 2013

Bonne Speerstra waard grut op Ymswâlde, in buorskip ûnder Tsjerkwert. As feehanneler makke er fan alles mei, hy hearde in protte ferhalen en koe se sels ek fertelle.

Sa kaam er derta om him te setten de oantinkens út syn libben op te skriuwen, te begjinnen by de bernejierren op Ymswâlde, en letter oer de Ymswâlderbrêge de wrâld yn. It boek spilet him ek ôf yn de Stellingwerven, oer in oare brêge, de Skoatterbrêge. Neist komyske sitewaasjes sil de lêzer yn dit boek it tsjinoerstelde tsjinkomme: it libben kin moai, mar ek wreed wêze.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 06-12-2013 (fraachpetear)
Martsje de Jong, Boekenbijlage 27-03-2014