it geloksbern
hilda talsma
elikser, 2013

As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel én fan har ferbrânde earm, dy’t noch net goed genêzen is. Sy begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Dêr komt se slim ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim dy’t like rau en rûch is as de sjonger sels.
It geloksbern is de tredde roman fan Hilda Talsma, dy’t mei har twa eardere titels grut sukses hie.

Boek fan de Moanne maaie 2014

De skriuwster oer it boek

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 27-12-2013
Jaap Krol, FD 03-05-2014