brieven oan ús mem
akky van der veer
elikser, 2013
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
As famke fan fjirtjin jier krige Akky van der Veer tbc en moast se ‘kuere’ yn sanatoarium Sonnevanck yn Hurderwyk. Doe’t se nei oardel jier wer thúskaam, wie se letterlik en figuerlik groeid en sa feroare, dat har mem har net mear weromkoe. Nei har ferstjerren fielde Akky van der Veer it ferlet om brieven oan har mem te skriuwen, sa oprjocht mooglik, sûnder franje.
Troch it skriuwen fan dy brieven – tusken ein 2010 en simmer 2012 – is se har stikje by bytsje bewust wurden fan de djippere betsjutting fan har libben en it minslik libben yn it algemien. Geandewei it skriuwen kaam it iene nei it oare ynsicht op har ta en doarde se it dogma los te litten dat ús wrâld it middelpunt fan de kosmos is en it minskdom de iennige ‘troch God skepen’ libbensfoarm. Guon nije ynsichten wiene foar har konfrontearjend, woene har earst net oan en makken har lilk. Se kaam hieltyd mear teoryën tsjin dy’t heaks steane op de gongbere opfettings en har besteande wrâldbyld wankele. Se lies der boeken oer en socht nei bewizen op it ynternet, yn de archeology en yn âlde geskriften. Pas doe’t se de bibel as in astro-teologysk boek doarde te lêzen, foel alles te plak en fielde se de frijheid en de romte om grutter te tinken as it hjir en it no.
Har brieven kinne dêrom besjoen wurde as in autobiografyske learwei en in net te kearen persoanlik bewustwurdingsproses
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 20-09-2013 (fraachpetear)
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Nienke Jet de Vries, De Moanne 04-12-2013
Jelma Knol, Ensafh. 22-01-20