De oerwinning fan Bjinse Houtsma
anne wadman
tde, 2014 (tredde printing)

Hindrik Visser is in artistike doarps-haadûnderwizer en dirigint fan de pleatslike sjongferiening. As op in dei op it koar in nije alt ferskynt, de jonge Lutske Westra, rike boeredochter, ‘in frou mei in Mercedes en in ferline’, rekket er hielendal fan har yn ’e besnijing. Hy wol trou bliuwe oan syn nochal stadige en faak heale frou Wypkje, mar dat slagget him net. Hindrik fynt in konkurrint op syn paad, de populêre ekspediteur en amateurtoanielspylder Bjinse Houtsma, net sa jong mear, mar in frije fûgel krekt as Lutske. Wa smyt by har de heechste eagen? It ferhaal ûntwikkelt him nei in dramatyske klimaks dy’t de titel fan it boek yn in gâns oar ljocht set as de lêzer yn it begjin ferwachtsje soe.

De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 1962. Wadman sette it boek sels oer yn it Hollânsk en bewurke it dêr ek by. De overwinning van Bjinse Houtsma kaam yn 1965 út as in zwarte beertjes pocket, yn it sok fan it sukses fan De smeerlappen, dat earder al yn it Hollânsk ferskynd wie. Nei de staveringsferoaring fan it Frysk yn 1980 naam de skriuwer it boek nochris ûnder hannen foar de wersjoene útjefte dy't yn 1984 ferskynde. It plot bleau gelyk, mar op detailnivo waard de tekst op hiel wat plakken ferheldere en eksplisiter makke.

Oaren oer dizze titel
Tiny Mulder, Literair kwartier, Rono 09-08-1962
J. Noordmans, LC 01-09-1962 diel 1 en diel 2
Trinus Riemersma, De gouden tiid 1962, ek yn LC 08-09-1962
Geart Jonkman, De Stiennen Man jg. 18, Klaas de Wit en Anne Wadman, De teannewâdder jg. 2 nr 3, nov. 1962, s. 73-81 en jg. 2 nr 4, april 1963, s. 109-113
Sjoerd Leiker, De Tsjerne jg. 17, 1962, nr. 12, 380-385
B. Roest Crollius, Algemeen Dagblad 10-07-1965
NRC, 06-11-1965
Gerrit van der Meer, De Nije 03-08-1984
Tiny Mulder, FD 25-08-1984
Tineke Steenmeijer, LC 31-08-1984 diel 1 en diel 2.
Steven H.P. de Jong, Ta in hichte, of de balke yn eigen each, 2007, s. 182-185