de blauwe jonge
Lida Dykstra
Afûk, 2014

Uniastate moat opknapt wurde. Dêrom besiket jonker Johan op allerhande wizen om oan jild te kommen. De hiele klasse fan juf Roas helpt mei. Jonker Johan wol ek rûnliedings jaan. Mar as dêr te min belangstelling foar is, ropt Jort ynienen dat der in spoek op de state wennet. Dy blauwe jonge lit him soms sjen by folle moanne, swetst Jort. Nó wolle de minken út it doarp allegear graach komme foar de rûnlieding. Mar Jort hat in probleem... Wêr hellet er samar in spoek wei? Gelokkich binne syn freonen Hiske, Brit en Ben der ek noch. Mei help fan pake Appy en Eabele fan Studio F betinke se in prachtige stunt.

De blauwe jonge is ferskynd yn de Studio F-rige foar it ûnderwiis. 

Oaren oer dizze titel