Komt in man by syn frou
ernst bruinsma (gearstaller)
afûk, 2014

Einleaze fuotbalanalyzes, nuodlik sjen yn glossy tydskriften en sa hurd mooglik op ’e gitaar rosse, dat is de wrâld fan de boppegemiddelde echte man. Mar dêr wurde jo fansels net manlik fan. Selsûndersyk en literêre diedkrêft, dat is wêr’t it om giet. Sa meitsje jo besprekber wat manlju dwaande hâldt by it organisearjen fan de jacht, it betwingen fan de lust of it etalearjen fan wiisheid en krêft.

De skriuwers fan dit boek pretindearje net de wierheid oer de echte man te ferkundigjen – hy is ommers in wat saai figuer, dy’t him steande hâldt troch in grut ferlet ta opskeppen en swearen. De ferhalen gean dan ek foaral oer hoe wrâldfrjemd de echte man wol net wêze kin, as master oer de sitewaasje, as slachtoffer fan syn omjouwing. Elke skriuwer sjit dêrby mei syn eigen munysje: soms mei earnst en moederaasje, dan wer fol faasje en humor.

Njoggen ferhalen fan
Sjoerd Bottema
Anne Feddema
Ate Grypstra
Bouke van der Hem
Arjan Hut
Jaap Krol
Sipke de Schiffart
Nyk de Vries
Henk Wolf

Oaren oer dizze titel
Geart Tigchelaar, op Ensafh 25-10-2014