de seefrou
mindert wijnstra
tresoar, 2014

Mei It kweade wiif fan Hylpen, dêr’t sûnt it útkaam yn 1997 al seis printingen fan ferskynd binne, hat Mindert Wijnstra syn namme fêstige as skriuwer en ferteller fan folksferhalen. De seefrou skreau er yn opdracht fan Tresoar as kadoboek by gelegenheid fan ‘Swalk, Frysk op toernee’ yn 2014.
Yn it boek steane santjin ferhalen, skreaun yn de geast fan it folksferhaal. Yn de ferantwurding oan de ein freget de skriuwer him ôf oft dat eins wol kin – nije folksferhalen skriuwe. Folksferhalen binne ommers ferhalen dy’t mûnling ûnder it folk oerlevere binne. ‘In nij ferhaal, yn stilte optocht troch in skriuwer achter syn laptop, kin dêrom eins gjin folksferhaal neamd wurde.’ Om dochs yn de geast fan it folksferhaal te bliuwen, hat de skriuwer âlde motiven as tsjoenderij, spoekerij, it optreden fan de ivige dogeneat Rein de Foks, de duvel en de dea ferwurke ta hjoeddeiske ferhalen. In lyts tal dêrfan waard al earder publisearre, ûnder oare yn de Moanne en yn de samling fabels Listen fan goaden en bisten.
De útjefte fan De seefrou past yn it Jaarsma-betinkingsjier 2014. Hûndert jier lyn waard yn Eastermar Dam Jaarsma berne, de grutte samler fan folksferhalen út de Fryske Wâlden.

 

Mindert Wijnstra oer it boek:

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.