klaaibeien út tunawert
joute de graaf
eigen behear, 2014

Klaaibeien út Tunawert is in histoaryske roman dy’t spilet yn de 15de ieu. De auteur hat syn kennis út boarnen ferrike mei eigen fantasij. Tunawert is in doarp yn Fryslân oan de Waadsee. Mei it omlizzend gea is dat it dekôr foar in spannend ferhaal dêr’t hiel wat libbensbitterheid yn foarbykomt: earmoed, ûnrjocht, leauwensfertwiveling, ûntucht, mar der is ek ferhevenens. It boek befettet teologyske ynsichten dy’t sjoen wurde kinne as foarrinders fan it doperske tinken sa’t Menno Simons dat in ieu letter nei bûten brocht. It boek wol ek in spegel wêze foar hjoeddedei.

Oaren oer dizze titel
Amande de Vries, fraachpetear Sneeker Nieuwsblad 21-05-2014
Sietse de Vries, fraachpetear LC 27-06-2014