It testamint fan Mr.Dr. K.
steven h.p. de jong
utjouwerij palisse, 2014

Skriuwer Steven H.P. de Jong, berne yn 1935, âld-leraar Nederlânsk, sûnt 1997 yn de vut, hat syn doazen mei literêre stikken op ’e kop hân en dêr it ien en oar út socht en by elkoar brocht yn dit boek, neffens it titelblêd ‘in atonale útbylding fan in stikje Frysk literêre skriuwerij’. De Jong hat by it gearstallen fan de bondel help hân fan mr.dr. Keimpe Rawierda, in alter ego fan himsels. Sa is dit boek in nijsjgirrich grienmank fan allerhanne literêre sjenres: fragminten fan in healôfmakke roman dy’t de skriuwer krekt net ‘fuortmitere’ hat, ferhalen, persoanlike oantinkens, dramatyske teksten, in opset foar in ôflevering ‘Baas boppe baas’, stikelstekkerij en kommintaar op de aktualiteit.

Oaren oer dizze titel
Jaap Krol, FD 31-01-2015
Doeke Sijens, LC 10-07-2015
Sietse de Vries, LC 20-01-2017 (fraachpetear n.o.f. It testamint fan mr.dr. K.)