bedoarne hannel
ferdinand de jong
friese pers boekerij, 2014
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
In jong famke ferdwynt spoarleas. It blykt de dochter fan de eksfrou fan priveedetektive Jan te wêzen. Tegearre mei syn maat, resjersjeur Libbe de Boer, dûkt Jan yn de saak en se komme telâne yn in gefaarlike, skimige wrâld fol mei tsjustere figueren dy't geweld net út de wei geane. Sil it harren slagje om Aukje werom te finen?
Bedoarne hannel is in Fryske thriller en it fjirde boek fan Ferdinand de Jong. Foar It dak fan de wrâld krige er yn 2012 de Rink van der Veldepriis.
Oaren oer dizze titel
Geart Tigchelaar, Ensafh. 03-10-2014
Jaap Krol, FD 03-01-2015
Klaske Hiemstra, It Nijs 10-04-2015
Doeke Sijens, LC 12-06-2015