Sweltsjes fan Gaast
theunis piersma
bornmeer, 2014

Theunis Piersma is in ynternasjonale autoriteit op it mêd fan (trek)fûgels. Op syn fakgebied hat Piersma in soad skreaun. Yn syn frije tiid docht er yn syn wenplak Gaast ûndersyk nei sweltsjes. In doarpsgenoate frege him in kear: ‘Wêr bliuwe ús sweltsjes winterdeis, Theunis?’ Dy fraach wie oanlieding foar in syktocht nei sweltsjes, nei hoe’t se libje en wêr’t se bliuwe winterdeis. Piersma ferstiet de keunst om de wittenskip te fertellen oan in breed publyk publyk sûnder de kwaliteit te koart te dwaan. Dit is syn earste boek yn syn memmetaal. In oade oan sweltsjes en oan Fryslân.
Sweltsjes fan Gaast ferskynde ek yn it Nederlânsk en yn2016 yn Ingelske oersetting.
Fan syn berop is Theunis Piersma heechlearaar trekfûgelekology oan de RU yn Grins en waadûndersiker by it NIOZ op Tessel. Yn 2014 krige er de prestisjeuze Spinozapremie. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers fan it boargerinisjatyf ‘Kening fan ’e greide’.

Oaren oer dizze titel
Halbe Hettma, LC 14-03-2014
Mark Avery, bloch 02-05-2016
Brosjuere 10 books from Friesland 2016