fabryk
trinus riemersma
TDE, 2014, 7e printing

De roman Fabryk ferskynde yn 1964 as Riemersma syn debút. De haadpersoan, earder lânarbeider, wurket yn in grientekonservefabryk. Hy sjocht hoe’t syn kollega’s har deljouwe ûnder de twang en ferlieding fan it meunster dat it fabryk is. Hy rint om mei it idee om in died te stellen en dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt in obsesje dêr’t er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. Hy ferlit it fabryk, komt op de gemeentedwinger te wurkjen en fielt him ‘god fan stront en jiske’. Riemersma ferwurke persoanlike ûnderfiningen yn it boek, foaral fan de Kondins dêr’t er yn 1960 in pear moanne wurke hie, mar ek út syn bernetiid yn Ferwert.
It boek makke in protte diskusje los. De tradisjonele lêzers wiene ûntheistere troch de iepenhertigens wêrmei’t de neuroatyske ik-figuer syn tryst libben en syn tinzen en eangstbylden sjen liet. Yn 1967 krige Riemersma der de Gysbert Japicxpriis foar.
Yn 1995 ferskynde de sechste printing yn de rige ‘Fryske Klassiken’, mei in útlieding fan Philippus Breuker. Dy ornearre dat it yn de diskusjes om it boek de meast útsprutsen foar- en tsjistanners úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer te rêden wie. Dizze sande printinge is neffens de foarige.

Oaren oer dizze titel
J. Noordmans, LC 16-10-1964 diel 1, diel 2, diel 3
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
J. de V., ‘Vieze Friese boeken’, ynstjoerd, LC 23-10-1964
Hendrik Algra, ‘De skamte de kop ôfbiten’, FD 27-10-1964, sjoch Hdst 6 yn Zolang de wind van de wolken waait, side 163
Fedde Schurer, Friese Koerier 28-10-1964
Jo Smit, Literair kwartier, Rono 10-11-1964
D.A. Tamminga, DBNL, De Tsjerne jg 19 (1964) nr 11, s. 384-387
Lolle Nauta, ‘Literair kwartier’, Rono 11-10-1967
Jo Smit, Rapport Advyskommisje Gysbert Japicxpriis, de Tsjerne 1967 s. 376-377.
Ferslach útrikking Gysbert Japicxpriis, LC 13-10-1967

S, Bakker-Palma, Oer de sykteskiednis fan de haadpersoan, Us Wurk 51 (2002) s. 1-42
Abe de Vries, Farsk 6, 2003

De resepsje fan Fabryk is tige breed. In folslein oersjoch is te finen yn Babs Gezelle Meerburg har dissertaasje hwant wy binne it nijs ûnder en boppe de sinne út 1997, s. 218-225.