brekber
hilda talsma
Elikser, 2014

Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy’t se al har hiele libben kin en dêr’t se in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar hy wol mear fan har as dat se him jaan kin.
As Sinne mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr’t Sinne har leafde en talint foar hynders wei hat, mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr’t se slim fan ûnder de yndruk rekket. Dat set alle ferhâldingen op skerp mar it beteart mis.
Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje, mar it akkordearret net mei har nije baas. Uteinlik krije se wat mear respekt foar elkoar, mar dan sjocht Sinne wat dat har hert brekt – en dêr is hy by belutsen. Se nimt in rigoereus beslút. De konsekwinsjes fergje har op it uterste.

Skriuwster oer de promoasje fan it boek op har blog, aug 2014
Skriuwster oer it boek op YouTube:

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

Oaren oer dizze titel
Nienke Jet de Vries op De Moanne, 05-02-2015