Einum
Froon Akker [ = Koos Tiemersma]
E-book e.B., 2012; Boekútjefte Elikser, 2015

Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje út ein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld.
Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy’t besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat de leafde ûntdekt, in boer dy’t siket om in masteresse, in twilling dy’t in troch it smookferbod troffen kafeetsje nij libben besiket yn te blazen. Geandewei floeie al dy libbens yn elkoar oer en dan ynienen is dêr dy brief. En ferskynt in fûgeltsje oan ’e loft...

Einum
is Koos Tiemersma syn werstart as skriuwer mei in nije formule: boeken tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk útbringe, útjefte yn eigen hân hâlde, ferkeap allinne as e-book foar in skaplike priis. Doe't lykwols bekend waard dat er foar Einum de Gysbert Japicxpriis 2015 takend krige, brocht er yn oktober 2015 by Utjouwerij Elikser in edysje fan Einum út op papier.

Groeten út Einum, bloch Froon Akker 27 maart 2015
Farwol Einum, bloch Froon Akker 22 maaie 2015

Gysbert Japickpriis 2015
Nominaasjes, advyskommisje op sirkwy, 01-06-2015
Nominasjes, artikel op site Letterenfonds, 20-08-2015
Priis takend, 11-09-2015

 
Oaren oer dizze titel

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Geart Tigchelaar, Ensafh. 12-10-2012
Doeke Sijens, LC 22-11-2013
Jaap Krol, FD 09-09-2015
Sjoerd Bottema, De Moanne 03-11-2015
Josse de Haan, De Moanne 26-11-2015
Henry Baron, World Literature Today, 05-2016
Brosjuere 10 books from Friesland


De skriuwer oer Einum

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

 

Geart Tigchelaar oer Einum

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.