Allinne de klaproas bloeit
Innes Bergsma
Eigen behear, 2015

Allinne de klaproas bloeit is in boek oer de Earste Wrâldoarloch, skreaun troch Ines Bergsma. Kearn fan dit boek is it wjerfarren fan in húshâlding ûnder de reek fan Brussel, de famylje Collin. De bern, fjouwer jonges en in famke, wurde folge op harren wei. De âldste jonges krije as militêr mei de ferskrikkingen fan ‘De grutte oarloch’ te meitsjen, mar Remy, de jongste soan, flechtet nei Nederlân. Hy bedarret mei sa’n 3000 oare Belgen yn Gaasterlân. Dêr moetet er Richtsje, dy’t nei de oarloch nei België ôfset om mei him te trouwen.

Achter yn it boek is noch in oantal noaten te finen mei mear ynformaasje yn dit fierder ek tige ynformative boek oer in perioade dêr’t yn Nederlân net al tefolle oer bekend is.

Oaren oer dizze titel