it museum fan binnenút
ferskate auteurs
tresoar, 2015
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn septimber 2014 wiene tolve leden fan de Nederlands Kring van Tekenaars te gast yn it Natuermuseum yn Ljouwert om tekeningen te meitsjen nei oanlieding fan de kolleksje yn it museum. Tolve Fryske skriuwers waarden troch Tresoar frege om dyselde snuorje ek yn it museum te kommen en om in gedicht te meitsjen of in ferhaal te skriuwen by it wurk fan de tekeners – of yn guon gefallen krekt oarsom: in wikselwurking tusken beide keunstdissiplines.
De skriuwers binne: Jetske Bilker, Edwin de Groot , Arjan Hut, Yva Hokwerda, Sytse Jansma, Elske Kampen, Bart Kingma, Anders Rozendal, Sipke de Schiffart, Albertina Soepboer, Hilda Talsma en Ale S. van Zandbergen.
It wurk fan tekeners en skriweurs waard bondele yn in bysûndere twatalige útjefte, It Museum fan Binnenút, mei foarmjouwing fan Seitse Zwanenburg. De presintaasje wie op 13 maart 2015, by de iepening fan de eksposysje fan it makke wurk.
Mear oer de útstalling >
Mear oer de iepening >
Oaren oer dizze titel
Jan Ybema, FD 11-03-2015
Gitte Brugman, LC 16-03-2015