wurden foar elkoar
ferskate auteurs
elikser, 2015
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Fan jannewaris oant oktober 2015 rieden yn Fryslân 15 bussen troch de provinsje dy’t ryk foarsjoen wiene fan boeken yn Frysk, Stellingwerfsk, Biltsk. De busreizigers koene har sa ûnderweis fernuverje mei dy boeken as ôfwikseling fan de (deistige) busreis. Se mochten de boeken ek liene en letter wer werombringe. Sa woene de inisjatyfnimmers de busreizgers op in eksperimintele en elegante wize yn de kunde bringe mei literatuer út Fryslân en it busreizgjen noch nofliker meitsje. It projekt ‘Bus fol ferhalen’ wie in mienksiplik inisjatyf fan de provinsje Fryslân, de beide busmaatskippijen fan Fryslân, Arriva en Qbuzz, en in oantal Fryske útjouwers.
As ôfsluting ferskynde yn septimber Wurden foar elkoar, in ferhalebondel mei 37 koarte ferhalen (1 à 2 siden) skreaun yn it ramt fan it projekt. In grut oantal Frysktalige skriuwers levere in bydrage.
Yn de bondel steane ferhalen fan (yn de folchoarder fan de bondel ):
Auck Peanstra, Edo van de Geest (2x), Aly van der Mark, Astrid Veldhuizen, Willy Darktrousers, Bouke van Nuil, Yvonne Jansma, Harmen Houtman, Eric Hoekstra, Johannes Kramer, Aggie van der Meer, Jeike Hoek, Jikkie Bloem, Douwe Kootstra, Sytse van der Pol, Tim Owell, Cees van den Hof, Mark Stuijt, Hein Jaap Hilarides, Freddie Scheltema, Elske Posthuma, Sietske Poepjes, Truus de Vries, Janjet de Vries-van der Werff, Ineke van der Heide, Anne Hettinga, Leo Stam, Afke Nel Smit, Pjotr, Manuela Köster, Forina van der Zee, Hilda Talsma, Geart Tigchelaar, Oeds Bijlsma, Eppie Dam, Ewolt Wolters.
Oaren oer it projekt en de bondel
Jacob Haagsma, LC 04-02-2015
Nijsitem Omrop Fryslân 16-09-2015
Jouster Courant 16-09-2015
Item LC 17-09-2015
Johan Veenstra, bloch 07-12-2015