eksamenjier
sjieuwe borger
hispel, 2015

As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas? Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe met Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario wurden krije yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles teplak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen.

Mei dizze fjirde roman Eksamenjier kiest de skriuwer foar jongere personaazjes as yn syn earder wurk. It boek spilet yn de wrâld fan jongfolwoeksenen dy't op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje – dingen dy't se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. It docht bliken, ek jongfolwoeksenen beskikke oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.

Oaren oer dizze titel
Jetty Bergsma, Y-Skrift 12-08-2015
Sigrid Kingma, FD 22-08-2015
Koos Tiemersma, 28-08-2015
Friduwih Riemersma, Ensafh. 10-09-2015
Doeke Sijens, LC 16-10-2015