fryslân en de wrâld 2.0
Jelle krol, abe de vries, durk gorter en meindert reitsma
sirkwy, 2015
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Hûndert jier lyn krige de Jongfryske Mienskip, mei as garismatyske liedsman Douwe Kalma (doe 19 jier), de wyn ûnder de wjukken. Efter harren bekende biedwurd ‘Fryslân en de wrâld’ stike in ûnbidige kulturele ambysje. Mar wêr kaam dat sa ynienen wei? Hoe is dat no krekt gien, mei dy jonge minsken yn 1915? Wat hat har elan eins allegear teweechbrocht? Wat kin men hjoed noch mei dy ambysjes fan Kalma-en-dy mei Fryslân en it Frysk – benamme no’t Kulturele Haadstêd 2018 as stip op de kym stiet? En kin de jongste generaasje Friezen fan no der ek wat mei? By sokke en oar fragen binne fjouwer esseeisten socht, Jelle Krol, Abe de Vries, Durk Gorter en Meindert Reitsma.
De essees dy’t sy skreauwen waarden presintearre op it 5de Sirkwy Sympoasium op 28 maart 2015 yn de Koperen Tún yn Ljouwert. Dizze bondel befettet de útwurke ferzjes.
Mear oer it sympoasium >>>
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei Durk Gorter LC 20-03-2015