opgong nei sint vitus
anders M. rozendal
kffb, 2015

Dora Knapen is in foars jongfrommes dy’t mear wol as it gewoane. Om dy reden giet se by definsje oan ’e slach. Dêr hat Dora har slinger. By oefenings docht se foar gjinien ûnder en efter it stjoer fan in jeep fielt se har hielendal teplak. Mei de útstjoering nei Uruzgan wol Dora sjen litte wat se werklik yn ’e marse hat. Mar dêr nimt korporaal Knapen ûnder drege omstannichheden in beslissing dy’t dramatysk útpakt. Se moat werom nei de boargermaatskippij. Earst giet dat goed, mar letter oppenearret him in posttraumatyske stress-steuring. Op in stuit reizget Dora nei Wetsens yn in kâld, wiet en wynderich Fryslân. Mei it opsykjen fan in âlde leafde hopet se har libben wer op ’e rit te krijen.


Oaren oer dizze titel
Jacob Haagsma, fraachpetear mei de skriuwer LC 26-06-2015