tichtby
jan schokker
elikser, 2015

Tichtby is de fyfde plysjeroman oer Ale Alema. Dy rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Ien hat it om him foarsjoen. Hy krijt driichbrieven dat syn freondinne Nanke wat oerkomme kin, en inselde soarte brief foar syn kollega Wytske. Syn bankrekken wurdt leechhelle troch Tichtby bv. Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftke ûnder en geane nei Bergen yn Noarwegen. Kinne se tagelyk wat mear útsykje oer de ferdwining fan Lutzen Terberg, de man fan Nanke, dy’t jierren lyn yn Bergen foar ’t lêst sjoen is. Mar is Nanke wol wa’t se seit dat se is? Se docht hiel frjemd. En dan komt Ale pas echt yn gefaar. Yntusken is Wytske dwaande mei de moard op in 75-jierrige soere resinsint yn in hûs fol boeken. En dat hat ek wer mei Alema te krijen.

Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 05-02-2016