Pier. De profesij fan bline Simen
willem schoorstra
friese pers boekerij, 2015
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Fiifhûndert jier nei de dea fan Grutte Pier ferskynt no in roman oer syn libben, syn striid en syn tiid fan de hân fan Willem Schoorstra. Dy skreau earder ek al in suksesfolle histoaryske roman oer Redbad.
Fryslân rekke yn 1498 syn frijheid kwyt. De Saksers waarden de baas. Dat gie net samar, der wie ferset en der folge in rûzige tiid. De Gelderske hartog Karel woe syn macht ek jilde litte en die mei in troep soldaten in raam op Fryslân. De Saksers seagen it swurk driuwen en ferkochten Fryslân yn 1515 oan de lettere keizer Karel V. Dy wie ek greve fan Hollân. Sa waard Fryslân it toaniel fan in striid tusken Hollanners en Geldersken, wylst yn beide kampen Friezen meifochten. De oarloch soe njoggen jier duorje.
Begjin 1515 ferliest Pier Gerlofs Doanja, in boer út Kimswert, troch Saksyske rôvers út Frjentsjer alles wat er hat, syn pleats, syn lân. Om dat wat him en in protte oaren oandien is foarmet er in kloft frijheidsstriders (of: in rôversbinde) dy’t wreed húshâlde. Dêrmei fertsjinnet Pier rom en oansjen, mar ek eangst en wearze.
De skriuwer set Grutte Pier del as in man dy’t dwyl is fan wraaksucht. As er ta besinning komt, sinkt er wei yn wroeging oant er oan de ein fan syn libben sielerêst fynt troch it tadwaan fan de mûnts Petrus Thaborita. De mûnts sjocht yn it libben fan Grutte Pier it útkommen fan in âlde profesij oer de Wolfshûn, berne yn in winternacht fol reek en fjoer: ‘Read is de kleur fan syn jeien, en read de see dêr’t de deaden yn driuwe’.
It ferhaal is krekt as Schoorstra syn roman Rêdbâd opset as in fertelling troch in tsjûge. Wie dat yn Rêdbâd in freon fan it haadpersoanaazje, no is it in anonime alwittende ferteller, dy't boppedat de lêzers út en troch oansprekt. Om de histoaryske achtergrûn dúdlik te meitsjen stiet oan it begjin fan it boek in kronyk fan de jierren 1515-1520 en in oersjoch fan de belangrykste personaazjes.
Oaren oer dizze titel
Jacob Haagsma, LC 28-08-2015 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 28-08-2015
Klaske Hiemstra, It Nijs 11-09-2015
Geert Tigchelaar, Ensafh. 22-10-2015
Koos Tiemersma, 30-10-2015
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite 03-2016
Oer Grutte Pier
Kanon fan de Fryske Skiednis, finster 1
Boektrailer
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.