wyn fan feroaring
hilda talsma
elikser, 2015

Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy’t sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan ’e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoartsjit en net past yn har omjouwing.
Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy’t der mar wat hinnelibje. De iennichste fan har famylje dêr’t se har by thúsfielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfakânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ate ek.
It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op ’e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klearmeitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes...

Wyn fan feroaring wie yn july en augustus 2015 'Boek fan de Moanne'. Yn dy twa moannen waarden 578 eksimplaren ferkocht, in nij rekord foar de ferkeapaksjes yn it ramt fan de promoasje-aksje Boek fan de Moanne.

Oaren oer dizze titel
Jacob Haagsma, fraachpetear mei skriuwster, LC 07-08-2015
Klaske Hiemstra, It Nijs 20-10-2015

 

Oer it boek

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.