swije
gryt witbraad
frysk en frij, 2015

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek

Rykje wurdt yn ’e fyftiger jierren as famke troch har heit weijûn. Har mem is stoarn en in boerepear sûnder bern wol har graach opnimme. De boer is lykwols in man dy’t net mei bern omgean kin en Rykje wol út noch yn net tsjin de man prate. De boerinne hat in swakke holle en rekket al gau swier oerspand. In opslûpen fanke, Dine, tantesizzer fan ’e boerinne, komt sa no en dan yn ’e hûs as de frou yn Frjentsjer sit of thús wat omkwakkelet. De twadde helte fan it boek, it is sa’n fjirtich jier letter, giet oer in reis fan Rykje en Dine nei Dútslân om te praten oer wat him earder op ’e pleats ôfspile hat. Der komt wol wat oan it ljocht, mar in soad bliuwt ek yn ’e dize. De praatkultuer is harren noch net eigen wurden.

Oaren oer dizze titel