dy iene foto
tsien auteurs
tresoar, 2015

Dy iene foto is it Aksjeboek 2015 en in ûnderdiel fan ‘Swalk, Frysk op toernee’. Tsien Fryske auteurs skreauwen nije ferhalen foar jongerein fan 12 – 16 jier.
It titelferhaal is fan Jelle Bangma en giet oer Gert dy’t fan syn pake it fotografearjen leart en mear fêstleit as wat de bedoeling is. Der is in ferhaal fan Auck Peanstra oer in muzykfestival en Rixt Weiland komt mei in ferhaal oer in spesjale ynwijing yn de leafde. De freondinne fan Jesse yn it ferhaal mei deselde namme fan Ate Grijpstra sjocht werom op it ferskriklike rotjier, neidat hy foar de safolste kear oerboard sprong.

Fierder binne der werkenbere ferhalen oer de wrâld fan hjoeddeiske jongerein fan Caja Cazemier, Freddie Scheltema, Hilda Talsma en Ans Wallinga. Yn ‘De Biltske Robinson Crusoë’ krûpt Hein Jaap Hilarides yn de hûd fan Jan Cornelisz Femmes, dy’t yn 1610 foar in weddenskip in jier op it Waad sit. ‘Rjochtdei’ fan Gerrit Hoekstra giet oer bisten dy’t de minsken foar it gerjocht bringe.

Nominaasje Simke Kloostermanpriis 2016
Betinken fan de sjuery, Sirkwy 21-03-2016

Oaren oer dizze titel
Winanda Weidenaar, Y-SKrift 23-09-2015
Sigrid Kingma, FD 07-11-2015