oare tiden
Marten Gerben Wieringa
Mooigedagt, 2016

Oare tiden is it twadde boek fan Marten Gerben Wieringa, in mei humor beskreaune 'kriminele observaasje', sa't de subtitel seit. Jacinthe Mollinga, it alter ego fan de skriuwer, is de haadpersoan. Se wurdt karakterisearre as ‘oanstoarmjend talint’ op de redaksje fan It Oerstjerker Sjoernaal, it pleatslike nijsblêd. Jacinthe wurdt derop útstjoerd nei Hampie Bokma, in plakgenoat dy’t in ‘appartemint’ oan it Blokhúsplein bewennet. Dizze Hampie hat in âld wyfke berôve, al ûntkent er yn alle toanaarden. De ynhâld fan it petear lekt op de ien of oare ûnneifolchbere manier út, reden foar de redaksje om de Fryske ynljochtingstsjinst FAKU te fertinken fan in opsetsje, of ien fan de susterorganisaasjes, lykas de FUAK of de KAFU. Nei publikaasje fan it artikel oer Hampie kriget Jacinthe hiel wat krityk te ferduorjen en dan benammen fan Hampie syn mem, Pytsje Pitstra, dy’t ek in rol by de ûntsnapping fan har soan spilet. Oan 'e ein fan it boek docht bliken dat Jacinthe ek losse ferhalen skriuwt. Mei fjouwer dêrfan wurdt it boek ôfsletten.

Oaren oer dit boek
Koos Tiemersma, 06-04-2018 (besprek)