raffelwjok
Syds wiersma
hispel, 2016
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Raffelwjok is de twadde poëzybondel fan Syds Wiersma. Ferdield oer fiif skiften wurket Wiersma yn koartrigelige gedichten tema's as de leafde, de natoer en benammen ek it leauwen út, lykas yn it folgjende fragmint:
Gebed
O hannen fâlde
foar de eagen fan de dei
wês in kalm wachtsjen.
De tiid triuwt finsters iepen
de loft sil hânoplizze.
Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, FD 05-10-2016 (besprek)
Eppie Dam, LC 07-10-2016 (besprek)
Sietse de Vries, LC 11-11-2016 (fraachpetear)
Arjan Hut, FD 31-05-2017 (yn 'e rige 'Maitiidpoëzij')