Rachel, de dochter fan timna
anders m. rozendal
kffb, 2016
Yn it jier 28 waard Rachel berne. Se groeide op sûnder heit, yn in tiid dy’t foar froulju lang net altyd like noflik wie. Dat wurdt fuortdaalks yn de earste haadstikken al dúdlik wannear’t Rachel oerfallen wurdt troch trije jongkeardels dy’t har oantaaste wolle. Se wurdt rêden troch Makir, dy’t tafallich yn ’e buert is. Dêrmei is de toan is set.
Rachel is sa tankber dat se mei Makir meigiet en sels mei him trout. Dat it in perioade fan besetting is, spilet ek net swak by yn dit boek. De Romeinen slane foar master op, groepen Joaden fersette har fûl. Ek Rachel krijt mei dizze striid te meitsjen, mei leafde en hate, preke troch ferlossers yn in tiid dêr’t in feilich bestean net mear wie as in yllúzje.
Oaren oer dizze titel
Doeke Sijens, LC 09-12-2016